Routradysjes yn Dokkum

06 nov 2011 - 14:39
Foto: Omrop Fryslân

Dokkum stie sneon yn it teken fan Fryske en bûtenlânske routradysjes. Der wiene sjongwurkshops, in Frysk begraffenismiel, in roustoet troch it sintrum en in muzikale ôfsluting yn de Bonifatius Kapel mei Rients Gratama.

Yn de stoet wienen neist leden út de Molukse, Surinaamske, Afrikaanske en Antilliaanske kultuer ek minsken yn Fryske tradisjonele klean, hynders en in roukoets te sjen. Doel fan organisator Tûmba wie om inoars routradysjes kinnen te learen.

Trefwurden: 
Dokkum routradysjes Tûmba
(advertinsje)
(advertinsje)