Kijlstra komt mei nije ynnovative ambulânse

06 sep 2018 - 22:17

Kijlstra Ambulancezorg yn Drachten krijt in nij type ambulânse, dat folslein oanpast is oan de winsken fan de meiwurkers. Kommissaris fan de Kening Arno Brok sil freed it earste model ûntbleatsje.

De ambulânse is ûntwikkele en boud troch it bedriuw Visser yn Ljouwert. It giet om in saneamde ALS Crafter Ambulânse. Yn de rin fan it jier krijt Kijlstra mear ambulânsen fan dit type. Yn totaal hat Kijlstra 28 ambulânsen dy't mei-inoar 32.000 ritten yn 't jier meitsje.

Dêrmei is Kijlstra de grutste oanbieder fan ambulânsesoarch yn Fryslân. Der wurkje yn totaal sa'n 190 meiwurkers.

(advertinsje)