Bestelbus sjit meters troch nei oanriding yn De Westereen

06 sep 2018 - 22:08

Op de Tolwei by De Westereen wie der tongersdeitejûn in ûngelok mei in bestelbus en in auto. De bestelbus woe ôfslaan nei in tankstasjon, mar op dat stuit helle in achteropkommende auto de bestelbus krekt yn. Dêrtroch botsten de twa auto's by elkoar op.

De Westereen - Foto: De Vries Media

De bestelbus skeat troch fia in perkje en kaam ta stilstân tsjin in hage. Der rekke gjinien ferwûne. De plysje kaam teplak om de oanriding ôf te hanneljen.

(advertinsje)