D66 wol opheldering fan provinsje oer komst sinneparken

06 sep 2018 - 21:43

Ynwenners fan Fryslân moatte goed op de hichte brocht wurde fan de komst fan nije sinneparken yn de provinsje. De provinsje moat dêrby in wichtige rol spylje rjochting gemeenten. Dat fynt de fraksje fan D66 yn Provinsjale Steaten.

Foto: ANP

De partij stelt fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten nei útspraken fan direkteur Hans van der Werf fan de Fryske Miljeu Ferderaasje. Van der Werf seit yn de Ljouwerter Krante fan woansdei dat gemeenten wegerje iepenheid fan saken te jaan, omdat se fine dat de plannen fan sinneparken fertroulike ynformaasje betsjut.

D66 wol witte hoe't de provinsje mear iepenheid jaan kin. Ek soene Friezen mear belutsen wurde moatte by sokke grutskalige projekten as sinneparken.

(advertinsje)
(advertinsje)