NHL Stenden wol neitinke oer ferleegjen binend stúdzje-advys

06 sep 2018 - 21:25

De bestjoersfoarsitter fan NHL Stenden, Erica Schaper, wol bêst neitinke oer it ferleegjen fan it binend stúdzje-advys. Dat is it tal punten dat studinten helje moatte om nei it twadde jier te meien. Schaper fynt lykwols wol dat der nei mear sjoen wurde moat as allinnich it puntesysteem om learlingen te helpen it twadde jier te heljen.

Erica Schaper iepenet it akademyske jier oan NHL Stenden - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Erica Schaper reagearret dêrmei op it foarstel fan minister Ingrid van Engelshoven fan Underwiis. Dy fynt dat it tal punten, dat yn it earste jier helle wurde moat yn it HBO en it universitêr ûnderwiis, mooglik te heech leit. En dat soarget derfoar dat studinten sa ûnder druk komme te stean, dat se it jier net helje.

Om't studinten te folle stress hawwe, wol minister Van Engelshoven it binend stúdzje-advys (BSA) minder strang meitsje.

It BSA is it minimum tal punten dat studinten yn har earste jier helje moatte. Yn totaal bestiet it earste jier út 60 punten. By de measte stúdzjes leit it BSA tusken de 40 en 50 punten. NHL Stenden hat it BSA fêststeld op 51 punten. As in studint it BSA net hellet, moat hy of sy fan de oplieding ôf.

Van Engelshoven wol it BSA no ferleegje, dat universiteiten en hegeskoallen op syn meast 40 punten easkje kinne fan studinten yn it earste jier.

De bestjoersfoarsitter fan NHL Stenden wol dêr wol oer prate, mar der moat ek sjoen wurde oft studinten op oare wizen holpen wurde kinne. Dêrby tinkt se oan bygelyks bettere begelieding en in petear oer de stress dy't studinten krije fan in hege stúdzjeskuld.

Boppedat bestiet it puntesysteem net foar neat, fynt Schaper. It is ek bedoeld om studinten, dy't de stúdzje eins net oan kinne, derút te heljen.

Erica Schaper fan NHL Stenden

Schaper tinkt dat learlingen ek op oare wizen holpen wurde kinne om de stress by studinten te ferleegjen. Sa kin der neffens har ek sjoen wurde nei in bettere begelieding en de stress dy't in grutte stúdzjeskuld opsmyt. Dat jout ek druk.

(advertinsje)
(advertinsje)