Piet Paulusma ûnder it mes, dochter nimt waartaken oer

06 sep 2018 - 21:00

Piet Paulusma sil opnij foar koarte tiid út de running wêze. De ferneamde waarman wurdt no freed holpen oan de sûnensproblemen dy't him yn augustus ek al parten spilen. Jan Jonkman sil op Omrop Fryslân radio de taken fan Paulusma oernimme, wylst syn dochter Martsje op telefyzje it stokje oernimt.

Waarman Piet Paulusma - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Yn in persoanlike reaksje lit Piet Paulusma witte hoe't it no mei him giet, en wat der te gebeuren stiet.

"Sa't jimme de ôfrûne wiken sjen koene, giet it tige goed mei myn herstel. Begjin augustus bedarre ik yn it sikehûs fanwege in akute blokkade yn de dikke term. Ik joech doe ek al oan dat ik noch ris werom moast foar in ferfolchoperaasje. Dizze operaasje sil plakfine op freed 7 septimber. Dêrom nimt myn dochter Martsje Paulusma foarearst it stokje wer efkes oer. Ik hoopje sa gau as mooglik wer oan it wurk te kinnen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)