"Ljouwert docht te min foar it Frysk"

06 sep 2018 - 19:11

De gemeente Ljouwert stekt te min jild yn de Fryske taal. Dat seit de Ried fan de Fryske Beweging. Ut in konseptstik docht bliken dat it budzjet foar it Frysk fan sawat 40.000 euro weromgiet nei 15.000 euro. De Ried fan de Fryske Beweging is nei eigen sizzen ferbjustere dat der mar 0,1 fte beskikber is om it Frysk taalbelied út te fieren yn in gemeente mei 120.000 ynwenners.

Fryske flage - Foto: Shutterstock.com

De Ried is der ek min oer te sprekken dat de telefoan net opnommen wurdt yn it Frysk. Dat wie yn de âlde gemeenten Boarnsterhim, Littenseradiel en Ljouwerteradiel, dy't no diels by Ljouwert hearre, wól sa. Littenseradiel en Ljouwerteradiel betellen mei oan Fryske les op de basisskoalle, dat docht Ljouwert net. En sa binne der noch wol punten wêrby't sprake is fan efterútgong yn it taalbelied. Dat is neffens de Ried yn striid mei de oerienkomst dy't ein ferline jier sletten is tusken it Ryk, de provinsje en de weryndielingsgemeenten.

De Ried fan de Fryske Beweging giet derfan út dat de gemeenteried it konseptbeliedsstik noch oanpasse sil, sadat it Frysk net achterútbuorket yn Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)