Om de Dobben by Burgum bringt natuer fan 50 jier lyn werom

06 sep 2018 - 18:35

De drûchte fan ôfrûne simmer hat negative gefolgen foar de oanlis fan it natuerplan Om de Dobben tusken Hurdegaryp en Burgum. It ynsiedzjen fan de ferskate soarten oan planten en blommen is net goed slagge troch de drûchte. Guon siedden koenen net goed groeie en spielden fuort doe't it wer begûn te reinen. Om de Dobben is tongersdei offisjeel iepene troch de provinsje, de gemeente Tytsjerksteradiel en de famylje Pietersma.

Dochs binne der noch gjin soargen om de ynsiedde planten. Takom jier maaitiid kin de skea pas goed besjoen wurde. Op de feestlike iepening fan it nije natuerplan Om de Dobben is dan ek in soad fan de werynrjochte dobbe te sjen. Der binne brêgen, paden, rûten, stekken en boartersplakken.

Mei Om de Dobben is in stik partikuliere natuer oanlein dat werynrjochte is nei hoe't it lânskip der 50 jier lyn útseach. De kuierpaden binne geskikt makke foar in besite mei de rolstoel. Mei in soad boartersplakken foar bern wurdt besocht ek bern mear by de natuer de belûken. Dêrtroch is der in soad natueredukaasje mooglik.

Westlik fan Burgum leit 33 bunder natuer yn de Hurdegarypsterwarren mei bysûndere dobben en pingo's.

Dobben en pingo's binne ûntstean yn de lêste iistiid. Se binne yn it behear fan It Fryske Gea. Kuierpaden ferbine guon fan sokke pingo's. Faaks binne it lytse markes dy't begroeid binne mei beammen en reidkragen.

Boarne: It Fryske Gea

"Sûnder de Sintrale As wie dit plan der net kaam", seit Theunis Pietersma. Hy is ien fan de inisjatyfnimmers fan it plan. "Dêr wêr't de natuer ferlern hat, winne wy no ek wer stikken", seit Pietersma.

De provinsje hat yn 2011 in oprop dien oan de omjouwing om mei plannen te kommen foar it saneamde opwurdearjen fan it lânskip by de Sintrale As. "Posityf wie dat fuort alle partijen it plan sitten seagen. De provinsje, de gemeente Tytsjerksteradiel, It Fryske Gea en de Fryske Miljeufederaasje", jout Pietersma oan.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Ek is der in plak ynrjochte foar hoareka. "Nei it kuierjen kinne minsken ite en drinke yn de brasserij", beslút Pietersma. Bysûnder is dat ek dêr de natuer dy't ferdwine moast foar de Sintrale As de romte krijt. Sa binne de bar en de stamtafel makke fan hout dat kapt is by de oanlis fan de dyk. De rûte nei it nije rekreaasjeplak is te finen fia de webside.

(advertinsje)
(advertinsje)