File op A7 nei ûngelok op It Hearrenfean

Der stie tongersdei nei in ûngelok op de A7 in file by It Hearrenfean. Dy file stie yn noardeastlike rjochting, tusken Aldehaske en knooppunt It Hearrenfean, en wie op syn langst seis kilometer. De linkerrydstripe wie ticht.
© Google Maps
By it ûngelok wienen fjouwer auto's belutsen. Ien fan dy fjouwer bedarre yn de fangrail.
Hoe't de minsken dy't yn de auto's sieten deroan ta binne, is noch net dúdlik.
© Srfotografie