Mishanneling heit mei in stik izer: sân moanne sel easke

06 sep 2018 - 17:38

Tsjin in man út De Gordyk is sân moanne sel easke, omdat er syn heit mei in izeren staaf mishannele hat. De twa hiene al in skoft spul mei elkoar.

Ein ferline jier rûn dat út op rebûlje, doe't de soan mei in maat by syn heit oan de doar kaam. Ut foarsoarch hie de heit in izeren stêf yn de hannen, doe't er iepen die. De soan wist dy ôf te pakken en syn heit der mei te slaan. Dy rekke ferwûne oan de side en oan syn hân.

De skrik siet der sa bot yn by de heit, dat er in skoft mei in mes ûnder syn kessen slept hat.

De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
rjochter sel izeren stêf
(advertinsje)
(advertinsje)