Dupearden sâltwinning wolle miljoenen fan provinsje

Dupearden troch sâltwinning yn Fryslân komme op 'e nij yn ferset. Stifting Winamer Belang leit in miljoeneclaim del by de provinsje en Den Haag foar alle skea oant no ta. Dan giet it om mooglik takomstige én emosjonele skea.
Dupearren sâltwinning wolle miljoenen fan provinsje
De aksjefierders fiele har moreel stipe troch de lêste útspraken fan de ynspekteur-generaal fan it Staatstoezicht op de Mijnen. Dy neamt it útwreidzjen fan sâltputten net ferstannich, salang't de risiko's op lange termyn net dúdlik binne. Hy fynt ek dat er strangere kontrôle op de besteande sâltwinning komme moat, om ûnnedige feilichheids- en finansjele risiko's foar te kommen.
Direkteur Van Tuinen fan Frisia sjocht yn de útspraken fan de topman fan it Staatstoezicht op de Mijnen gjin reden om maatregels te nimmen. Sâltboarringen ûnder it Waad wurde net stillein of beheind, omdat it Ryk tajout dat Frisia neffens de fergunningen mei strange betingsten wurket.
De kwetsje Winaam spilet neffens Van Tuinen net mear, omdat dêr al 15 jier gjin sâlt mear wûn wurdt.
Deputearre Michiel Schrier
Safier is de provinsje lykwols noch net. Deputearre Schrier sil op grûn fan de nije ynformaasje in berop op Frisia dwaan om de sâltwinning ûnder it Waad foarearst net út te wreidzjen. Hy ûnderstreket dêrby dat nettsjinsteande in negatyf advys fan de provinsje, it Ryk úteinlik de nedige fergunningen ferlient. Foar skeaclaims moatte de aksjefierders neffens him dan ek yn Den Haag wêze.