Jierrenlange juridyske striid wytkweker Doede de Jong definityf dien

Biologysk wyttylder Doede de Jong fan Appelskea hoecht definityf neat fan wat er mei syn wyt fertsjinne hat, oan de Steat te beteljen. Justysje leit him del by de útspraak fan it gerjochtshôf yn Ljouwert dêroer. Justysje easke in heal miljoen fan De Jong, mar it Hôf wiisde dy eask ôf. Justysje hie noch yn kassaasje kinnen, mar sjocht dêr fanôf. Dêrmei komt der in ein oan jierren fan juridyske striid.
Doede de Jong oan it wurk © Omrop Fryslân
It gerjochtshôf ferklearre De Jong yn 2015 wol skuldich oan it kweken fan himp yn syn tún, mar lei him gjin straf op. It hôf oardielde doe dat De Jong in prinsipieel foarfjochter is fan de legalisearring of oars regulearring fan wyttylt. Syn saak is oars as saken oer himptylt dy't faak foar de rjochter komme, waard doe sein. Boppedat wurket er biologysk, yn de iepen loft en sûnder brângefaar of stellerij fan stroom, sa't by oare himpkwekers wol faak it gefal is.
It hôf sei in pear wiken lyn dat de eask fan justysje, om fiif ton oan de Steat te beteljen, net goed genôch ûnderboud wie. Dêrom waard de feroardieling ôfwiisd. Justysje leit him dêr no by del. Advokaat Tjalling van der Goot fan Doede de Jong sil justysje freegje it beslach op it hûs fan Doede de Jong op te heffen, dat justysje dêr op lein hie.