Spesjale kalinder oer Abe Lenstra presintearre

06 sep 2018 - 16:54

Yn it Abe Lenstra stadion is tongersdeitemiddei in skuorkalinderboek presintearre oer de meast ferneamde fuotballer fan Fryslân ea. Dizze skuorkalinder beslacht de jierren 2019 en 2020 en is de oanrin nei de betinking fan de hûndertste bertedei fan Abe Lenstra op 27 novimber 2020.

It earste eksimplaar fan de kalinder waard troch kabaretier Freek de Jonge oanbean oan Janneke, de dochter fan Abe. De Jonge fertelde in hilarysk ferhaal oer in moeting mei Abe yn in skuonwinkel doe't Freek de Jonge noch in jonkje wie.

De Jonge hat sels ek meiskreaun oan de kalinder, lykas ûnder oaren ek Foppe de Haan, Riemer van der Velde, Jan Mulder en Johan Derksen. Op 19 septimber wurdt yn it museum Hearrenfean ek noch in eksposysje iepene oer de fuotballer Abe Lenstra. De skuorkalinder leit fan freed ôf yn de winkel.

Harkje nei in reportaazje

(advertinsje)