Gemeenten wolle oerlêstferoarsakers yn aparte wenunits sette

Minsken dy't oerlêst op strjitte feroarsaakje, moatte tenei yn aparte wenunits set wurdt, oan de râne fan in stêd of doarp. Dat is alteast it plan fan ferskate gemeenten en wenningkorporaasjes yn Fryslân. Noch dit jier sille se ek yn Fryslân delset wurde. It giet yn earste ynstânsje om net mear as tsien units. Wêr't dy krekt komme te stean, bepale de dielnimmende gemeenten sels.
Wat binne wenunits?
It projekt wurdt laat troch Evert Boomsma fan Sociaal Domein Friesland. De wenunits binne bedoeld foar minsken dy't om ferskate redenen bûten de boat falle en net yn in gewoan hûs wenje kinne. "It giet net allinne om minsken dy't oerlêst feroarsaakje. Der binne minsken yn Fryslân dy't gjin wenning mear ha en nergens wenje kinne. Dat hat te krijen mei prikkels of de omjouwing wêryn't se funksjonearje."
Fryslân Hjoed oer de wenunits
De wenunits steane al op in soad plakken yn it lân, lykas Hilversum, Tilburg en Rotterdam. Neffens Boomsma binne se dêr tefreden oer dizze opfang.
RTV Rijnmond freget in wenunit-bewenner hoe't it is om der te wenjen
De bewenners fan de units tinke der sels soms oars oer. Op de radio fan RTV Rijnmond fertelt ien fan harren: "Het verloopt moeizaam. Het is beklemmend. Ik wil niet zeggen dat het een gevangenis is, maar er wordt elk tijdstip gecontroleerd wanneer je weggaat en terugkomt."