Drachtster dealer fuort wer yn de fout

Tsjin in ynwenner fan Drachten is tsien moanne sel easke, fanwege drugshannel. De plysje fûn in foarried drugs yn de friezer, op deselde dei dat de man troch de plysjerjochter feroardiele wie foar it yn besit hawwen fan drugs. Doe krige er in straf ûnder betingst, justysje is no stranger.
De fertochte seit dat er mei it dealen begûn is om syn ferslaving te beteljen. Klanten bestelden drugs by him mei in whatsappberjochtsje.
Justysje wol him yn de sel hawwe, En dêrnei soe er wenbegelieding krije moatte en ek begelieding by syn finansjele saken. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.