SC Hearrenfean ferliest oefenpot fan PEC Zwolle

06 sep 2018 - 14:28

Sportklup Hearrenfean hat tongersdeitemiddei in oefenpot ferlern fan PEC Zwolle. De wedstriid, dy't om tolve oere middeis úteinsette yn it Abe Lenstrastadion, einige yn 0-1.

De Feansters spilen foar in grut part mei in B-alvetal, wylst PEC Zwolle in protte basisspilers tiid joech om te oefenjen. De stân bleau lang op 0-0, mar yn de lêste minuten fan de wedstriid wie it dochs Zwolle dat in doelpunt meitsje koe. Vito van Crooy koe in individuele aksje ôfmeitsje mei in doelpunt. Hearrenfean hie dêrnei net mear genôch tiid om in antwurd te jaan.

Ben Rienstra yn duel mei Zian Flemming - Foto: www.orange-pictures.nl
(advertinsje)