Grut tal einekoaien om it Waad hinne restaurearre
It opknappen fan 24 einekoaien yn it Waadgebiet is woansdeitemoarn offisjeel ôfsletten yn Hallum. Dat waard dien troch deputearre Klaas Kielstra fan Fryslân en deputearre Henk Staghouwer fan Grinslân.
Grut tal einekoaien om it Waad hinne restaurearre
By it projekt wiene in hiel soad eigeners en organisaasjes belutsen, wêrûnder ek natuerbehearders. De einekoaien lizze sawol op it Fryske fêstelân as op de eilânnen. In part fan de koaien leit yn Grinslân en yn Noard-Hollân.
Edukaasjeprogramma
It opknappen hat gjin doel as de boel direkt wer fertutearzet. Dêrom is der in edukaasjeprogramma ûntwikkele om minsken te ynformearjen oer de einekoaien. Fierders binne frijwilligers oplaat om it ûnderhâld goed útfiere te kinnen en besikers rûn te lieden.
De wearde fan de einekoaien is grut. Ek al wurde de measte net mear brûkt of allinnich brûkt foar wittenskiplik ûndersyk. It binne wichtige lânskipseleminten yn it lege Waadlânskip. En omdat it altyd ferplichte rêstich wêze moat yn in einekoai, kin de natuer him dêr goed ûntwikkelje sûnder fersteurd te wurden.