Harnzer stichting wol nulmjitting om sâltskea yn de gaten te hâlden

06 sep 2018 - 12:02

Earst in nulmjitting en dan pas fierder mei it winnen fan sâlt yn de buert fan Harns. Dat stânpunt sil De Stichting Bescherming Historisch Harlingen kommende wike ynbringe yn in harksit mei de gemeente Harns.

Frisia Sâlt yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Neffens de foarsitter fan de Stichting, Jarig Langhout, is sa'n nulmjitting fan grut belang om letter goed beoardielje te kinnen hokker skea sâltwinning eventueel oanbrocht hat. Dan is it ek dúdlik wa't dêr ferantwurdlik en oanspraaklik foar is.

Stichting Bescherming Historisch Harlingen siket mei klam foar it paad fan de dialooch sa seit Langhout. Net aksje fiere, mar soargje foar in goeie dialooch mei de ferskate partijen smyt neffens Langhout mear op. Lykwols is de Stichting der fan oertsjûge dat in nulmjitting plakfine moat en sy sille der alles oan dwaan om dat te berikken.

Trefwurden: 
sâltwinning
(advertinsje)