Patyna en Noorderbreedte komme mei nije soarchoplieding

06 sep 2018 - 11:01

De soarchorganisaasjes Patyna en Noorderbreedte begjinne in mienskiplik opliedingstrajekt yn Noardwest-Fryslân foar sydynstreamers. Yn gearwurking mei ROC Friese Poort wurde fan nije wike ôf 23 minsken oplaat ta maatskiplik fersoargjende. Sy krije allegear in fêste baan yn de soarch.

Âldereinsoarch - Foto: Shutterstock.com

De measten fan har meitsje út in oare baan wei de oerstap nei de soarch. De dielnimmers folgje in twajierrige mbo-oplieding, wêrby't se fjouwer dagen yn 'e wike ûnderfining opdogge op ferskate lokaasjes fan Patyna en Noorderbreedte. Dosinten fan ROC Friese Poort jouwe ien dei yn de wike les yn Frjentsjer, by wensoarchkompleks Saxenoord en by fersoargingshûs Westerpoort.

Grut tekoart

Lanlik is der in grut tekoart oan soarchmeiwurkers. Mei it mienskiplike opliedingstrajekt hoopje de inisjatyfnimmers mear minsken entûsjast te meitsjen foar it wurkjen yn de âldereinsoarch.

(advertinsje)