Gemeente Hearrenfean gasthear fan Nationale Sportweek

De gemeente Hearrenfean is dit jier gasthear fan de Nationale Sportweek. Dit is in inisjatyf fan sportkoepel NOC*NSF, mei as doel om sport te promoatsjen en minsken oan te spoaren te bewegen. De Nationale Sportweek duorret fan 15 oant en mei 29 septimber. Hearrenfean organisearret aktiviteiten foar jongeren. De gemeente hat ek in eigen ambassadeur foar de sportwike. Dat is de winner fan Expeditie Robinson 2017, Carlos Platier Luna.
© Buurtsportcoaches Dongeradiel

Adventure Run

Wethâlder Jelle Zoetendal jout sneontemiddei 15 septimber it startskot foar de Nationale Sportweek, tegearre mei Carlos Platier Luna. Dy dei binne der ferskate sportive aktiviteiten yn it sintrum fan It Hearrenfean, der is bygelyks in BMX-parcours. Op 28 septimber is der ûnder oare in Adventure Run foar alle earstejiers learlingen út it fuortset ûnderwiis. In dei letter is der deselde aktiviteit en dan kinne duo's meidwaan.

Fiif gasthearen

De Nationale Sportweek wurdt dit jier foar de 15de kear holden. De ôfrûne jierren wie der ien gasthear fan de sportwike. Dit jubileumjier binne der fiif. Neist Hearrenfean binne dat Grins, Deventer, Helmond en Den Haag.