Kollum: "Besoademiterij"

06 sep 2018 - 07:22

"De boel besoademiterje. Moatst der net mei oankomme by my. Ik wit net wat it is, mar ik ha in suver einleas gefoel foar rjochtfeardigens. De kranten steane fansels fol mei minsken dy't de boel besoademiterje, dus ik bin wol wat wend, mar soms snap ik dizze tiid wier net.

Botte Jellema - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Sa kom ik hjir yn Amsterdam regelmjittich minsken tsjin dy't by it útgean wolris in piltsje slikke. No ha ik dêr net gau muoite mei, as se harrensels of oaren mar neat oandogge. En dat is no krekt it gefal by XTC, sa waard my altyd ferteld: it is in partydrug, en hat as foarneamste bywurking datst in hiele nacht elkenien oankrûpe wolst. Dêr skûlet net in soad kwea yn.

Mar legaal is XTC net. Oardel wike lyn waard dúdlik hoe grut de produksje fan syntetyske drugs yn Nederlân einliks is. Undersikers fan de plysje-akademy hiene it útsocht. Se makken in konservative skatting, mar al in 'educated guess', en kamen op it ferbjusterjende bedrach fan 18,9 miljard euro oan krimineel jild. Dat is yn alle gefallen de strjitwearde fan de XTC en speed. Foar in belangryk part giet it nei it bûtenlân, mar it wurdt hjir dus makke en ferhannele.

Yn it rapport wurdt in foarbyld jûn fan hoe ienfâldich it soms giet: immen makket in partij XTC-pillen, dy't bestimd binne foar in ôfnimmer yn Australië. De produsint hat kunde oan in hanneler yn lânbouark. De hanneler hat in trekker stean en ferstoppet earne yn de trekker de piltsjes. De trekker wurdt nei Australië ferskeept en dêr wurde de piltsjes derút helle en it jild deryn stoppe. Mei it smoeske dat de trekker net foldocht, wurdt dy werom nei Nederlân ferskeept. En sa kriget de produsint syn jild. En ik fernuverje my deroer dat it sa ienfâldich kin, en dat yn dit hiele ferhaal wierskynlik nimmen mei de eagen knippere hat.

Moandei kaam oan it ljocht dat tûzenen Poalen foar tûzenen euro's oan WW-fraude plege ha. Ik bedoel: ik wie altyd faaljekant tsjin op dat Poalen-meldpunt fan de PVV, omdat listen fan minsken selden earne goed foar binne, mar dan dit. It giet om miljoenen, fia striemannen yn Nederlân ynbard, en wer knipperet net ien mei de eagen.

Mar it slimste, alteast dizze wike, fyn ik wat der by de bank ING bard is. Tusken 2010 en 2016 spilen dêr fjouwer wytwasksaken. Koest krimineel jild gewoan op rekkens by ING sette en nimmen dy't dat opfoel. Want dy unhuerige bank hie it oantal alarmmeldingen foar dizige transaksjes op maksimaal trije de dei set. Om jild te besparjen, sa seit it IM no. It leveret ING in boete op fan 775 miljoen euro. En dat is in skikking, om te ûntkommen oan slepende rjochtsaken. It rjochtfeardigensgefoel fan dizze bankiers is like rjocht as harren ikoanyske brike gebouwen op de Zuidas. Benijd oft der ING'ers mei de eagen knippere ha.

En dan ha we it noch net iens oer de ûnderwilens hûnderttûzenen oantaastingen en ferkrêftingen fan bern troch meiwurkers fan dy skynhillige tsjerken oeral op 'e wrâld. Hoefolle minsken wiene hjir net fan op 'e hichte, en ha nea knippere mei harren eagen?

En wêrom tink ik dat dizze minsken net mei harren eagen knipperje? Om't it misbrûk troch ûndersyk fan sjoernalisten nei bûten kommen is, krekt as de WW-fraude, en yn it gefal fan syntetyske drugs en ING troch ûndersyk fan de plysje. Alle minsken dy't hjir fan wisten, dy't gewoan neist ús sitte yn de trein en dy't we tsjinkomme yn de supermerk, ha harren bek hâlden. As oft it se neat skele kin.

Fansels giet it yn alle gefallen oer jild, dat guod dêr't wy as minsken net gau genôch fan ha, en foar oer liken gean om der mear fan te garjen. Wat soe dy iene WW-útkearing, wat soe dat iene XTC-piltsje, wat soe dy iene rekkenhâlder dy't miljoenen op syn rekken stean hat, wat soe dat iene mishannele jonkje tsjinoer dy rike en machtige tsjerke.

Ik kin der mei myn ferstân net by, dat minsken yn dizze iepen tiden dêr't werklik alles op Twitter, telefyzje en telefoantsjes smiten wurdt, blykber dochs oer safolle en sokke grutte besoademiterij gewoan harren bek hâlde."

(advertinsje)