Krityske lûden tsjin wiziging bestimmingsplan foar festivals Griene Stjer

De ynsprekjûn oer oanpassingen yn it bestimmingsplan foar festivals yn de Griene Stjer by Ljouwert hat foaral tsjinstanners lutsen. Sa'n hundert minsken wiene woansdeitejûn oanwêzich yn restaurant De Grote Wielen by de stêd.
© Omrop Fryslân, Andries Bakker
Ferslachjouwer Andries Bakker wie op de ynrinjûn oer de Griene Stjer
De gemeente Ljouwert wol it bestimmingsplan foar it natuergebiet rommer meitsje, sadat it foar festivals makliker wurdt harren evenemint dêr te hâlden. De oanwêzige omwenners bliuwe kritysk. Se hawwe te lijen fan lûdsoerlêst en fine it ek net goed dat de Griene Stjer mei in festival as Psy-Fi wiken ôfsletten is foar publyk.
Psy-Fi festival © Omrop Fryslân

Stabyl belied

De stichting Groene Ster Duurzaam seit troch te gean oant de Ried fan Steat as it bestimmingsplan wizige wurdt. Wethâlder Sjoerd Feitsma wol just in stabyl en jierrenlang festival- en evenemintebelied kreëarje. Yn de lêste jierren wiene der in soad rjochtsaken yn 't foar en dêr wol Feitsma fan ôf.
Minsken kinne noch oant 19 septimber in reaksje jaan op it foarnommen wizige bestimmingsplan.