Nei 25 jier wer iepenloftspul op 'e Jouwer: rockopera Tommy

06 sep 2018 - 06:00

Tommy de rockopera wurdt takom wykein opfierd yn it iepenloftteäter Park Herema State op De Jouwer. Dêrmei hat it doarp sûnt 25 jier wer ris in iepenloftspul. Jouster Rudolf Valkena is grut leafhawwer fan The Who en hy naam it inisjatyf foar de rockopera Tommy.

Tommy is in musical út 'e jierren '60 en film út de jierren '70 mei ûnder oaren Elton John, Tina Turner, Jack Nicholson, Oliver Reed en Rodger Daltrey (leadsanger fan The Who). Foar it iepenloftspul is it stik oerset yn it Frysk troch Peter Sijbenga.

De Flipperbalkening

It ferhaal giet oer Tommy dy't nei in traumatyske ûnderfining net mear hearre en prate kin. Uteinlik blykt er hiel goed te wêzen mei de flipperkast en wurdt er de flipperbalkening. Theun Plantinga spilet Tommy. "It is gjin maklike rol, want yn de film is der in lytse en grutte Tommy, mar ik spylje beide'', fertelt Theun. "Boppedat hat Tommy net folle tekst, dus it is lestich om de ferskate rollen goed sjen te litten.''

(advertinsje)