Crowdfund-aksje moat nije films mooglik meitsje

De dream fan Froukje van Wengerden liket hast út te kommen. As it goed giet, kin de Fryske filmmakster út Bartlehiem oan de slach mei har film "Meu sunho/Mijn droom'. It jild foar de koarte dokumintêre moat der komme troch in mienskipsaksje op it platform Cinecrowd.
New Noardic Wave © Omrop Fryslân
'Meu sonho, Mijn droom' is in koarte dokumintêre oer de Ljouwerter Frenk dy't fan Braziliaanske komôf is, oer syn leafde foar muzyk en syn syktocht nei in thús. Ljouwert is syn twadde bertestêd.
Njonken 'Mijn Droom' stean ek noch de Fryske filmprojekten Transmission oer de muzikale filmreis dy't in Fryske en in Oekraynske artyst makket fan Oekraïne nei Fryslân op de nominaasje om makke te wurden. De tredde film is 'De Muze' fan Tom Tieman oer de Fryske keunstner Alle de Jong.
Harkje nei de bydrage

Gearwurkingsprojekt New Noardic Wave, Omrop Fryslân en Cinecrowd

It begûn allegearre mei de oprop fan New Noardic Wave foar 'Nije eagen', in gearwurking tusken it Frysk Film- en Mediaplatform New Noardic Wave (NNW), Omrop Fryslân en Cinecrowd. NNW-direkteur Joris Hoebe fertelt dat se nije dokumintêremakkers sochten dy't de iepen mienskip fan Fryslân mei harren diele wolle. Dat is slagge, want der kamen dreamen út alle hoeken fan Fryslân en ek derbûten.
Dêr binne trije filmplannen út keazen dy't no op Cinecrowd stean. De trije dokufilms wurde presintearre op it Noardlik Filmfestival ûnder de titel New Generation en ek útstjoerd by Omrop Fryslân.

Stypje de makkers

'Meu Sonhu/Mijn droom', 'Transmission' en 'De Muze' hawwe noch in pear dagen de tiid om 80% fan it bedrach binnen te heljen. Donearje kan mei in minumumbedrach fan 10 euro op it platfoarm Cinecrowd.

New Noardic Wave

New Noardic Wave is it platfoarm foar Fryske film- en mediamakkers mei stipe fan Provinsje Fryslân. Dat dogge se mei in online-database en eveneminten. It NNW is it plak foar produsinten dy't sykje nei Fryske filmlokaasjes, publisiteit, fergunningen, crews en fasiliteiten.