Feministe Shevchenko: "Ferdigenje de frijheid ta it uterste, mar sûnder geweld"

Minsken dy't yn frijheid libje, hawwe de plicht om dy frijheid fan mieningsutering en it sprutsen wurd ta it uterste te ferdigenjen. Ek al binne dêr sjokkearjende aksjes en heftige projekten foar nedich. Dy aksjes meie lykwols nea ofte nimmer liede ta geweld. Dat wie it boadskip fan de feministyske aktiviste Inna Shevchenko, Sy wie woansdei spesjale gast fan de earste Iepen Up live-talkshow fan it nije seizoen, yn Neushoornkafee yn Ljouwert.
Inna Schevchenko © Omrop Fryslân
IepenUP, Inna Shevchenko © Omrop Fryslân, IepenUP

Wilders kwetst

Inna warskôge it publyk dat se troch tsjinstanners kwetst wurde kinne. Yn dat ferbân hie se krityk op de aksjes fan Geert Wilders dy't yn har eagen net opkomt foar de frijheid fan mieningsutering, mar dy't inkeld de bedoeling hat in religieuze groep te kwetsen.

Freedsum gehoar

Foar de komst fan Shevchenko wiene spesjale feilichheidsmaatregels naam, omdat se geregeld bedrige wurdt. Der is sels ris in kear in oanslach op har dien mei in gewear. De feilichheidsaginten hoegden net yn aksje te kommen yn Ljouwert. Yn kafee Backstage yn Neushoorn hie se in oandachtich en freedsum gehoar.
Iepen Up Inna Shevchenko