Alde Feanen wurde ferbettere: wetterpeil omheech en nij swimstrân

05 sep 2018 - 20:24

Der komme nije maatregels om de natuer yn nasjonaal park De Alde Feanen by Earnewâld te ferbetterjen. De lêste tsientallen jierren is it natuergebiet ferdrûge troch ynpoldering en it fuortrinnen fan wetter nei leger lizzende gebieten. De provinsje, Wetterskip Fryslân, It Fryske Gea en de gemeente Tytsjerksteradiel wolle dêr wat oan dwaan.

Alde Feanen - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Earder is yn it gebiet ek al in natuer-edukaasjebosk (it Pettebosk) en in moerasgebiet mei petgatten kaam. No is de werynrjochting in nije faze yngien. De kommende jierren giet it wetterpeil omheech. Bysûndere leechfeanplanten en seldsume bistesoarten kinne sa weromkomme. Dêrnjonken is der ek omtinken foar rekreaasje yn it gebiet. Kanofoarsjennings krije in opknapbeurt en yn de Panhuyspoel komme in swimstrân en in fisksteger.

Omwenners koene woansdei op in ynrinjûn harren miening jaan oer de plannen. As Provinsjale Steaten noch dit jier beslute dat it trochgean kin, dan kinne de plannen fan takom jier ôf ek echt útfierd wurde. Dizze faze fan de werynrjochting kostet hast trije miljoen euro. De belutsen partijen betelje dêr allegearre oan mei.

Foarsitter Aaltje Rispens fan de gebietskommisje Alde Feanen oer de plannen

(advertinsje)