IepenUP Live: Inna Shevchenko oer de frijheid fan mieningsutering

05 sep 2018 - 19:30

De fakânsje is ek foar IepenUp foarby. Woansdei giet it oer de frijheid fan mieningsutering en Europa. Dêroer komt Inna Shevchenko praten. Sy is de lieder fan de feministyske aksjegroep FEMEN en ien fan de grutste striders fan it frije wurd yn dizze tiid. Elkenien is wolkom yn poppoadium Neushoorn om mei te praten. Meisjen kin fansels ek, fan 20.00 oere ôf op de livestream.

Inna Shevchenko waard ferneamd, doe't se as 22-jierrige oppakt en martele waard troch de Wyt-Russyske geheime tsjinst. Mei twa oare froulju protestearre se tsjin Viktor Lukashenko, dy't troch syn tsjinstanners faak omskreaun wurdt as lêste diktator fan Europa. Yn 2012 berikte Shevchenko de hiele wrâld doe't sy in houten krús fan fjouwer meter heech omseage út protest tsjin de arrestaasje fan de Russyske punkgroep Pussy Riot.

Oanslach oerlibbe

FEMEN, de aktivistyske organisaasje wêrfan't Shevchenko dus no de lieder is, stiet bekend om de topless-protesten foar frouljusrjochten. Shevchenko wennet tsjintwurdich yn Parys, om't se yn Frankryk polityk asyl krigen hat. Yn 2015 oerlibbe se noch in oanslach yn Kopenhagen.

Foar de komst fan Shevchenko nei Ljouwert binne ekstra feilichheidsmaatregels needsaaklik.

Oare gasten

Njonken Inna Shevchenko komt skriuwster Helena Hoogenkamp, sy fersoarget in spoken-word performance. De muzyk is fan O, Kutjes.

IepenUP

Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei ús allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

(advertinsje)