Ljouwert wol ein meitsje oan fytsgaos op stasjonsplein

De gemeente Ljouwert kundiget maatregels oan om in ein te meitsjen oan de fytsgaos op it stasjonsplein yn de haadstêd. It plein hie in skjinne entree fan de stêd wêze moatten, mar tsientallen fytsen fersteure dat byld.
© twitter, @Ytsjeanthings
Der is in grutte fytskelder ûnder it plein, mar dat wit lang net elkenien. En as der ienkear in fyts foar it stasjon stiet, stean der yn de koartste kearen tsientallen.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Woansdeitemoarn betiid wie it probleem noch grutter. Doe stienen de fytsers foar in tichte doar. De fytskelder wie ticht en dat wie net oankundige. De NS krige dêr meardere meldingen oer op Twitter. In pear oeren letter wie der ien ûnderweis om de kelder wer te iepenjen.
Johan de Jong fan de gemeente oer de fytsegaos
"It is faak sa dat as ien syn of har fyts der delset, oaren dat ek dogge", seit Johan de Jong fan de gemeente Ljouwert. "Miskien witte minsken it net, miskien nimme se it risiko, mar it is net de bedoeling. Want meist hjir hielendal gjin fytsen pleatse, dêr is de fytsekelder foar."
"It is krekt wer begûn nei de skoalfakânsje en miskien moatte minsken der noch oan wenne of moatte wy dúdliker wêze. Hoe dan ek, wy sjogge dat it no al in pear wiken sa is en wy besykje der wat oan te dwaan. Takom wike bepale wy wat de bêste manier is. Dat kin op meardere manieren: bygelyks mear foarljochting troch mear buordjes of miskien moatte der minsken mei heskes stean. Wy wolle in yntree dy't moai, skjin en oersichtlik is. Op it momint dat it begjint te fersloeren, moatte jo optrede. Wy hifkje in tal mooglikheden en takom wike beslút wethâlder Friso Douwstra hokker maatregels der komme."
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust