"Heechleararen yn de fout oer keapjen erfpachtgrûn fan it ryk"

De hiele diskusje oer de priis dy't op de Waadeilannen betelle wurde moat om erfpachtgrûn fan de oerheid te keapjen, is werom by ôf. Dat seit de feriening fan erfpachters fan Skylge.
© ANP Foto
De saak spilet al jierren. De Skylgers fine de prizen dy't it ryk fêststelt foar erfpachtgrûn fierstente heech en net merkkonform.
De Skylgers dogge harren útspraak op grûn fan it oardiel fan it Landelijk Orgaan Wetenschappelijke Integriteit. Dat LOWI fynt dat twa heechleararen - dy't ûndersyk dien hawwe nei de saak - 'ferwytber ûnsoarchfâldich' hannele hawwe. Dy hawwe sein dat de wearde fan de erfpachtgrûn sa't dy fêststeld is troch it ryk yn oarder is.
Hessel Hilarides fan de Vereniging Terschellinger Erfpachters

Beswier tsjin weardebepaling troch it ryk

Op de Waadeilannen is al jierren in skeel tusken it Rykserfgoedbedriuw (RVB) en de erfpachters fan wenningen en húskes. It giet oer de priis dy't betelle wurde moat om de erfpachtgrûn oer te nimmen fan de ryksoerheid. Erfpachters en ûnôfhinklike taksateurs hawwe hieltyd wer beswier makke tsjin de weardebepaling troch it ryk.
Om in ein te meitsjen oan de diskusje, hat it ministearje fan Wenjen twa heechleararen de opdracht jûn út te sykjen oft de metoade fan wurdearring goed en jildich is. Dat soe dan tagelyk ek in gerêststelling wêze foar de Twadde Keamer.
Dat rapport fan de heechleararen is der kaam en de Skylger erfpachtferiening is it net iens mei de útkomsten. Se hawwe by it lanlik orgaan wittenskiplike yntegriteit (LOWI) frege nei de wurkwize dy't hantearre is by it ûndersyk. It LOWI stelde fêst dat beide heechleararen harren wurk net goed dien hawwe.

Jiskefet

De Skylgers fine dat mei dy LOWI-útkomsten it rapport fan de heechleararen it jiskefet yn kin. Boppedat moat de Twadde Keamer yngripe. Der soe in nije metoade fan weardebepaling komme moatte.