Auto rekket te wetter by Dokkum
In automobilist is woansdei yn it wetter rekke op 'e Dokkumerwei by Ealsum.
De helptsjinsten wiene gau teplak, mar de bestjoerder koe sels al út 'e auto komme. Hy hie fierder gjin ferwûnings.
Op itselde plak barre faker ûngelokken. Foarich jier noch kaam in automobilist dêr mei de skrik frij.