Wrâldferneamde Slava wol minsken lokkich meitsje
De wrâldferneamde Russyske clown Slava is yn Ljouwert. Hy treedt de kommende dagen op yn De Harmonie. Slava sjen is wat bysûnders, seit elkenien dy't de clown ken. Clown Slava Polunin is al tritich jier ûnderweis mei syn 'Snow Show' en wit oeral de herten te feroverjen. Syn doel by eltse foarstelling is: it bern yn minsken nei boppen helje en minsken lokkich meitsje.
Wrâldferneamde Slava wol minsken lokkich meitsje
Slava's Snow Show is woansdeitejûn, tongersdei, sneon en snein te sjen yn De Harmonie. Der binne noch in pear kaarten te keap foar alle dagen.
De fan oarsprong Russyske Ira Judkovskaja is artistyk lieder fan Tryater. Sy ken Slava al har hiele libben. "Hy is de clown-filosoof," seit Ira. Slava is nayf en wiis tagelyk. Hy stelt grutte fragen en wit dy yn lytse dingen foar it ljocht te bringen en minsken bliid te meitsjen.
Joop Mulder fan it Oerolfestival kaam Slava yn de jierren '80 fan de foarige iuw op it spoar. Hy fynt it geweldich dat Slava no foar it earst yn Fryslân op besite is en riedt elkenien oan om de Snow Show te sjen. "Slava is in grutmaster yn syn fak," seit Mulder. "Foaral syn mimyk is oandwaanlik. It is it bêste wat der op clownsgebiet te sjen is."

LF 2018
Omrop Fryslân jout rom omtinken oan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Alles wurdt sammele op Omropfryslan.nl/2018.
De Kulturele Haadstêd-produksjes binne mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.