Grien Lintsje foar Doarpstún Snakkerbuorren om duorsumens

05 sep 2018 - 16:39

Doarpstún Snakkerbuorren hat in priis wûn foar duorsumens. De jierlikse priis fan PAL GrienLinks bestiet út in grien lintsje en is útrikt troch wethâlder Herwil van Gelder.

Foto: Jildou Visser

Snakkerbuorren kaam as bêste út 'e bus, omdat de Doarpstún njonken duorsum ek sosjaal duorsum is. Sa wurde griente en fruit op biologyske wize ferboud en lokaal ferkocht. Ek skoalbern en omwenners wurde folop belutsen by de tún.

Fierder stiet der yn de Doarpstún in bijekast en in flintertún. It doel is om sa omtinken de freegjen foar dizze ynsekten en hoe't se yn 'e natuer oerlibje.

Doarpstún Snakkerbuorren bestiet al sûnt 2001 en der binne sawat 80 frijwilligers aktyf. Op it stuit wurdt der wurke oan 'e realisaasje fan sinnepanielen.

(advertinsje)
(advertinsje)