Admiraliteitsdagen: "Elkenien moat him hjir wolkom fiele"

Dokkum makket him op foar de achtste edysje fan de Admiraliteitsdagen. It evenemint fan fjouwer dagen, dat tongersdei úteinset, wurdt hieltyd grutter en der wurde no ek wer mear minsken ferwachte. Hoe tinkt foarsitter Jan-Michiel van der Gang dat dizze edysje wurde sil?
© Marit Anker
Ferline jier wienen der yn fjouwer dagen 60.000 minsken en dat mei min waar. Dit jier liket it waar better te wurden. Kinne jim al dat publyk noch wol oan?
"Ja, sa't it no liket, is it waar dit jier better as de ôfrûne jierren. Ik tink dat der ferline jier wat minsken thúsbleaun binne fanwege it minne waar. Benammen de minsken dy't fan wat fierder fuort komme moasten.
Mar we kinne de drokke mominten oan. We hawwe no trije poadia, ferline jier noch 'oardel'. Dêrmei kinne we dit jier de streamen fan besikers better ferdiele. Dat is wichtich, want elkenien moat him ek feilich fiele.
We groeie alle jierren sawat mei tsien persint. En fiif jier lyn planden de minsken de fakânsje noch net om de Admiraliteitsdagen hinne, dat dogge se no wol.
Fierders is de stêd op sneon en snein ek noch grutter. Dan rint it gebiet mei aktiviteiten fan de Helling oant de IIsherberch."
Der komme hieltyd mear besikers, mar it festival groeit sels dus ek. Op wat foar wize presys?
"Muzyk, iten en drinken, dêr giet it yn de basis om. En we mei bygelyks Night of the Praams, Waylon en André Hazes hawwe we fan alles foar in breed publyk.
Wat ik hiel moai fyn, is dat der bygelyks in groep entûsjaste jonges is, dy't sels in hiel muzykprogramma fersoargje. Alle Hens Aan Dek hjit dat, mei bands lykas SweetGodAnimals en The Cool Quest. Dêroer is der ek in parseberjocht nei 3FM gien. Dêr komt wer in hiel oare groep minsken op ôf.
De Admiraliteitsdagen bestean njonken de muzyk út allegearre maritym-relatearre aktiviteiten: in flyby troch strieljagers, in supwedstriid, in swimwedstriid.
En ús doel is om de regionale grutskens te fersterkjen. Wy binne der bygelyks mar fjouwer dagen, mar de skûtsjes binne der it hiele jier. Dêrom is it ek sa moai om it dit jier te iepenjen mei de doop fan it Dokkumer wedstriidskûtsje. Dat It Grutdjip no fol leit mei grutte skippen, komt ek troch de Admiraliteitsdagen. Dat is moai.
Mar wat wy it belangrykste fine, is dat it fergees is en dat elkenien him of har hjir wolkom fielt."
Wêr bist sels it meast grutsk op?
| Dat 350 minsken op 120 persint draaie, dat al dy minsken eins boppe harren kinnen prestearje. En dat it dien wurdt troch de hiele regio, dat rekket my. Der binne bern fan 15 jier dy't har oanmelde as frijwilliger. Mei de earste edysje begûnen we mei seis minsken.
En dat de Admiraliteitsdagen groeie, komt ek trochdat elkenien sa belutsen is. De sponsoaren soargje net allinnich foar jild, mar se sizze ek: "sis mar wat we dwaan moatte". Mei ús allen hawwe we eins net iens troch wat we teweibrocht hawwe.
In frou yn in rolstoel frege oft se snein noch wol nei de tsjerketsjinst kin. Dat is doe direkt oppakt troch in frijwilliger, dy't derfoar soarget dat se derby wêze kin.
Der komme ek hieltyd mear frijwilligers út de omlizzende doarpen by. We organisearje it net as Dokkumers allinnich, mar ek mei alle 53 doarpen om Dokkum hinne. It spriedt him as in oaljeflek út. En al dy minsken dy't derby oanheakje, dy soargje wer foar nije ideeën en inisjativen. De frijwilligers en de gasten binne de bêste ambassadeurs fan de Admiraliteitsdagen."
Wat meie we beslist net misse?
"Freed bygelyks, mei Night of the Praams op De Syl. Dêr komt dan tusken njoggen oere jûns en middernacht alles by-inoar. Hiel Fryslân en Noard-Nederlân is dêr dan. En dy lokaasje is hiel magysk, mei dat poadium yn it wetter. Dat plak is ek it kearpunt fan de Alvestêdetocht.
De measten binne der net goed op taret, as se dêr spylje moatte: "oh, Dokkum, wat kin dat wêze?" Mar as se der dan stean, dan binne se hiel bot ûnder de yndruk. Dan moatte we se wer wat fertrouwen jaan. We besykje ek om it publyk altyd wer wat tichterby te bringen. Dit jier lizze der bygelyks fiif skûtsjes, sa hast ek wat mear ynteraksje. Dat is hiel wichtich.
By Night of the Praams is Elske DeWall de ferfanger fan Glennis Grace. "We hearden ferline wike dat Glennis net mear koe. En dus binne we hiel bliid dat Elske ús rêde koe."
Op freedtejûn 7 septimber stiet de 'Night of the Praams' op it programma by de Admiraliteitsdagen: in konsert mei in grut orkest, Syb van der Ploeg, Tommie Christiaan en Elske DeWall. Op sneontejûn 8 septimber is it poadium oan Waylon & band, Broken Brass Ensemble en André Hazes & band. De konserten fan freed- en sneontejûn binne by Omrop Fryslân live te sjen fan 21.00 oere oant 00.00 oere op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app.
De konserten wurde yn gearwurking mei RTV NOF registrearre en útstjoerd. Mear ynformaasje oer de Amdiraliteitsdagen en it programma is te finen op harren webside.