Balksters meitsje harkkuier oer bûter en Balk

05 sep 2018 - 16:08

Bûter en Balk hearre by-inoar. En net omdat it beide tafallich mei in B begjint, mar omdat de bûterhannel yn de 17de, 18de en 19de iuw hiel grut wie yn it doarp oan de Luts. En dêr mei bêst wol wat mear omtinken foar komme, fynt Engelien Bouma fan it Bûterhûs yn Balk. Dus is der yn 'e mande mei doarpsgenoaten en wat help fan bûten in harkkuier makke. Oer bûter en Balk.

Bouma kaam op it idee nei de oankeap en restauraasje fan it Bûterhûs dêr't sy in kofje- en teesaak yn hat en apparteminten yn ferhiert. Doe kaam in soad ynformaasje oer de bûterhannel op tafel. Mei in wurkgroep fan pleatslike saakkundigen is alles yn gong set.

Inisjatyfnimmer Engelien Bouma - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Remco de Vries seach by Bûter en Balk

Doarpsgids Johan Heegsma is ien fan de Balksters dy't op de audiotoer te beharkjen is. Ien persoan dielt bygelyks op de audiotoer in part fan har bûterrike famyljeskiednis. Mar der hawwe ek opnamen west by de leugenbank dêr't minsken frege is wat de betsjutting is fan in tal populêre sizwizen mei en oer bûter.

Gevelstiennen spylje in wichtige rol, want dy fertelle in soad oer de rykdom yn de hannel yn bûter. Op sneon 8 septimber om 14.00 oere sil kommissaris fan de Kening Arno Brok de audiotoer iepenje.

Doarpsgids Johan Heegsma is ek te hearren yn de audiotour - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)