Konkurrearjende metaalbedriuwen moatte gearwurkje om personiel te finen

05 sep 2018 - 15:48

Trije konkurrearjende metaalbedriuwen yn Noardwest-Fryslân slaan de hannen ynien om mei-inoar nije wurknimmers te finen. Doelgroep binne minsken út oare bedriuwstakken en statushâlders. It tekoart oan wurknimmers yn de metaalsektor is sa grut dat de bedriuwen Oreel yn Hallum, Meijer Metal yn Sint-Jabik en Oostwoud yn Frjentsjer gearwurkje mei ROC Friese Poort en útstjoerburo Randstad. Se besykje minsken entûsjast te krijen foar it wurkjen mei metaal.

Eltsenien fan 20 oant in jier as 50 komt yn de beneaming om earst op de Friese Poort in lytse stúdzje te dwaan en dêrnei staazje te rinnen by ien fan de trije bedriuwen. Sa kinne se in nije karriêre begjinne yn de metaalsektor.

It wurkjen mei metaal is foar in grut part automatisearre. - Foto: Ronnie Porte

Om mear wurknimmers krije te kinnen, moatte in tal foaroardielen fuortnaam wurde. Bygelyks dat it smoarch en swier wurk is. It wurk is yn de rin fan de tiid automatisearre. Kompjûters en lasers dogge no in soad wurk. As binnen in jier sa'n tsien wurknimmers oplaat binne, is de gearwurking slagge, fine de bedriuwen.

Ferslachjouwer Ronnie Porte wie by de ûndertekening

(advertinsje)