Eksplosive groei studinten Frysk oan NHL Stenden

It Frysk as stúdzjetaal wurdt wer populêr. Foar it earst ha leafst 17 studinten har oanmeld foar in stúdzje Frysk oan NHL Stenden. Dat sawat 30 persint mear as it ôfrûne jier. En doe wie al sprake fan in eksplosive groei mei 12 studinten.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Stúdzje Frysk oan NHL Stenden populêr
Dosint Henk Wolf is optein oer it tal oanmeldingen. Neffens him wie it lokaal foar de yntroduksjeles dizze wike hast te lyts om alle studinten plak biede te kinnen. "En dat wylst der hiel wat jierren west ha dat we mar ien of twa studinten yn de klas hiene", sa seit Wolf.
Opmerklik is fierder dat oars as oare jierren har dit jier gjin studinten fan bûten de provinsje oanmeld ha. Alle 17 studinten binne fan Fryske komôf.