Traumahelikopter by Windpowercentre yn Harns

05 sep 2018 - 14:57

By it bedriuw Windpowercentre yn Harns soe woansdei oan it begjin fan de middei in bedriuwsûngelok west ha. Wat der presys bard is, is net dúdlik, mar der is in persoan mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins ta brocht.

Foto: Srfotografie

Earst waard dy persoan noch yn Harns behannele troch ambulânsepersoniel. Dat ambulânsepersoniel krige help fan in arts fan it mobyl medysk team. Nei in lyts healoere is it slachtoffer mei de traumahelikopter nei Grins ta brocht.

Windpowercentre leit yn de haven fan Harns. Op it terrein steane ferskate wynturbinen.

(advertinsje)