Underwiisynspeksje tikket Nordwin College op de fingers

05 sep 2018 - 14:35

It Nordwin College mei fêstigingen yn Ljouwert, It Hearrenfean, Snits en Bûtenpost is troch de ûnderwiisynspeksje op de fingers tikke. Der soe sprake wêze fan finansjeel wanbehear en wanbelied. Ek soe de kwaliteit fan it ûnderwiis oan de vmbo-leerlingen en mbo-studinten ûnder de maat wêze.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De ynspeksje hat begin dit jier op besite west op de lokaasjes fan it Nordwin. Se hawwe mei dosinten, learlingen, studinten en it managemint praat. Ek hawwe ynspekteurs lessen besocht. Neffens de ûnderwiisynspeksje tinkt it Nordwin College net genôch om it ferbetterjen fan de ûnderwiiskwaliteit.

Famyljekultuer

Dosinten sprekke elkoar net oan op wat se dogge. "Dat is onprofessioneel, er heerst een familiecultuur", sa skriuwt de ynspeksje. Yn in reaksje lit de lieding fan de skoalmienskip witte dat der hurd wurke wurdt oan de ferbetterpunten.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust oer de ynspeksje by Nordwin

"Er is nog veel te doen, maar we zijn al een eind op weg. We zijn een school waar leerlingen en studenten zich prettig en veilig voelen. Weinig voortijdige schooluitval", seit bestjoersfoarsitter Ilona Dulfer fan it Nordwin College. De ynspeksje hat ek flaters ûntdutsen by de eksaminearring. "Maar die zijn hersteld, alle diploma's zijn geldig."

(advertinsje)
(advertinsje)