Jongerein kriget taalproblemen troch brûken mobile telefoan

05 sep 2018 - 14:05

Hieltyd mear jongeren krije muoite mei goed lêzen en skriuwen. Dat komt troch it brûken fan de mobile telefoan. Se brûke yn de apps in soad ôfkoartingen. It gefolch is dat se minder goed begripe wat se oan it lêzen binne en ek muoite ha mei grammatika. De warskôging komt fan Stichting Lezen & Schrijven yn de Week fan de Alfabetisering.

Mobile telefoan - Foto: Shutterstock.com

Mei in spesjaal moarnsbrochje waard woansdeitemoarn troch Stichting Lezen & Schrijven oandacht frege foar minsken dy't muoite ha mei lêzen en skriuwen. Goed 55.000 Friezen ha dêr lêst fan. It slagget mar net dat oantal goed omleech te krijen, seit Netty Posthumus fan de stichting. "Sterker nog, het probleem is misschien nog wel veel groter. Veel mensen weten altijd wel een uitweg te vinden door hulp te vragen."

Prioriteit

It probleem stiet al in oantal jierren heech op de prioriteitelistjes fan de Fryske gemeenten. Dochs slagget it mar net it tal minsken dat muoite hat mei de taal omleech te bringen. Der wurdt hurd wurke oan feroaring, seit Nynke Benedictus fan de gemeente Hearrenfean.

"Wy traine ús minsken om taalproblemen te werkennen. As we dat sjogge, kinne we help biede. Dy is der genôch allinnich kinne wy de groep net altyd goed berikke." Dat leit benammen oan it feit dat it noch hieltyd sjoen wurdt as in grut taboe. "Dêr moatte je fan ôf. Minsken moatte witte dat it net slim is, want der binne mear mei deselde problemen", seit Benedictus.

Foto: Shutterstock

De help dy't se krije kinne, komt faak fan minsken dy't sels muoite hiene mei lêzen en skriuwen. Lykas fan Vera van der Boom fan Harns. Sy helpt minsken mei it lêzen en skriuwen en kin se ek helpe by it oplossen fan problemen dy't se hawwe mei formulieren dy't op de kompjûter ynfolle wurde moatte. "Ik heb mijzelf moeten helpen met de taal, met lezen en schrijven. Ik weet hoe je dit kunt leren en dus help ik graag." Yn Harns hat se al in soad minsken holpen. Help dy't nedich bliuwt, sa seit Vera.

De jeugd

De problemen mei de jongerein wurde ûnderskat, fynt Netty Posthumus fan Stichting Lezen & Schrijven. "Op scholen is aandacht voor de taal en taalbegrip. Maar toch zien we dat er een steeds grotere groep is, die moeite heeft met het lezen van langere teksten. Er wordt minder gelezen door de jeugd en als ze dat doen, dan vaak alleen korte berichten op de mobiele telefoon." Se fynt dat hjir yn it ûnderwiis goed omtinken foar bliuwe moat. "Juist daar kun je dit probleem nu goed aanpakken."

(advertinsje)