Bestriding dongynsidinten moat spesjalisme wurde by brânwacht

De brânwacht moat de bestriding fan ynsidinten mei dong sjen as in spesjalisme. Dat fynt in wurkgroep fan de brânwacht Fryslân. De wurkgroep ûndersiket hoe't brânwachtploegen better taret en útrist wurde kinne foar it yn aksje kommen by bygelyks kij dy't yn in dongput bedarje.
Bestriding dongynsidinten moat spesjalisme wurde by brânwacht
No binne der yn Fryslân fiif teams. Dy ha spesjale apparatuer wêrmei't se kij maklik út in dongkelder takelje kinne. Se sitte allinnich min ferspraat oer de provinsje. De wurkgroep siket no út oft dat better kin en ek hoe't de kennis by oare korpsen fergrutte wurde kin. It giet dan benammen om ynsidinten mei fee. As der in libben op it spul stiet, meie alle brânwachten help biede.

LTO

De brânwacht siket ek kontakt mei de boeren sels. Mei help fan LTO-Nederlân, de belange-organisaasje foar de boeren, wolle se gearwurking ferbetterje. Sa kin in boer goed helpe, om't hy wit hoe't syn stâl yninoar sit en ek dúdlik meitsje kin wêr't de swakke plakken sitte.
"Fierder wolle wy de boeren ek mear dúdlik meitsje oer de gefaren fan dong. Eins kinst it fergelykje mei it wurkjen mei gemyske stoffen", sa seit Wim van der Veen fan de brânwacht. Hy is belutsen by de wurkgroep. "It donggas, je ha it dan oer H2S, waterstofsulfide, is libbensgefaarlik. We kenne allegear de ynsidinten noch wol yn Makkingea en earder by Sint-Nyk."
Harkje nei de bydrage oer de brânwacht
© ANP XTRA

Sprieding

De sprieding fan de teams oer de provinsje is ien fan de saken dêr't nei sjoen wurdt. "Dat hat te krijen mei it ferline fan de brânwachtkorpsen", sa seit Van der Veen. "Doe wienen der in oantal gemeenten dy't der op ynvestearre ha. Dy ha de goede apparatuer oanskaft. No't we ien korps binne, moatte we sjen hoe't we dat yn de provinsje goed en effisjint ynsette kinne."
Net alle apparatuer fan de brânwacht is geskikt foar de ynset yn in dongput. De spesjalisearre teams ha dat guod al. "Wat we ha wolle, is dat de earste auto dy't teplak is mjittingen docht en tariedingen docht foar in spesjalistyske team. Dy wurdt dan standert oproppen yn it gefal fan in dongynsidint. Foar elkenien wurdt it dan feiliger", sa seit Van der Veen.
Trienke Elshof LTO Noord is bliid mei de gearwurking mei de brânwacht