Deade frou op fytspaad yn Ljouwert
Yn Ljouwert is woansdeitemoarn deade frou fûn op it fytspaad by De Dulf, yn de wyk Bilgaard. Se wie dêr oan it kuierjen mei in rollator.
De plysje giet net út fan in ûngelok. Mooglik is de frou net goed wurden. De twa ambulânsen dy't nei it plak kamen, koenen net mear helpe.
De presize oarsaak wurdt op it stuit fierder ûndersocht.