Dokkumer draaioargel nei yngreven restauraasje wer de strjitte op

05 sep 2018 - 12:26

Foar it earst yn fiif jier sil freed nei in yngreven restauraasje it Dokkumer draaioargel De Granaet wer te hearren wêze. Dat bart by de Admiraliteitsdagen yn Dokkum.

Draaioargel Dokkum - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Harkje nei it draaioargel

It draaioargel waard yn 1900 oanskaft troch de Dokkumer ûndernimmers. Yn 2013 wie it noch te hearren op it ynternasjonale draaioargelfestival yn Dokkum. Dêrnei stie it oargel stil, omdat it bot oan ûnderhâld ta wie. Leafhawwers hawwe doe aksjefierd om jild yn te sammeljen. De restauraasje is no klear en freed is it draaioargel útpakt en symboalysk oerdroegen oan Museum Dokkum. Fia dit museum kinne minsken it draaioargel hiere foar eveneminten.

Lotterij

Nei de Admiraliteitsdagen sil De Granaet wer krekt as foarhinne troch de strjitten fan Dokkum ride. Dêrby wurde dan lotten ferkocht, om noch ekstra jild foar it oargel binnen te heljen. Fan dy sinten kin ek de karre, dêr't it oargel op stiet, noch opknapt wurde. Dizze karre is hiel bysûnder, want yn Nederlân binne noch mar fjouwer orzjinele draaioargels op in houten trijetsjiller te finen.

(advertinsje)