Achter de skermen by De Stormruiter

Achter de skermen by De Stormruiter
Jelle de Jong moat ien wurde mei syn hynder. De stâl útmjuksje, iten jaan, of der gewoan tsien minuten tsjinoan lizze. Tolve moanne is er al yn tarieding foar syn rol as dykgraaf Hauke Haien. In man mei in sterke eigen wil, dy't ien doel foar eagen hat: in nije seedyk oanlizze, lân winne. Syn frou, spile troch Annemaaike Bakker, wol it Fryske hynder op de kaart sette.
De Stormruiter is basearre op de literêre klassiker Der Schimmelreiter fan Theodor Storm. It giet oer de striid tsjin de natuer, tsjin it wetter, oer foarútgong. It iennichste goede ferhaal oer it ûntstean fan ús lânskip hjir, seit regisseur Jos Thie. "We kenne foaral it ferhaal fan it jonkje mei syn finger yn de dyk, mar dat hat neat te krijen mei hoe't hjir it lânskip ûntstien is. In ferhaal dat noch altyd aktueel is en de fragen stelt, lykas in goed ferhaal heart te dwaan", seit de regisseur, dy't folslein rêstich is - of liket - en bliuwt yn de hektyk fan de lêste repetysjes.
© Stormruiter

Hynders

Jelle de Jong hat trije moanne by de Frânsen fan Théâtre du Centaure yn oplieding west. Unyk, want soks dogge se eins net. Dêr hat er in soad leard. Wylst er fertelt wat, sjogge we dat Camille mei in grutte Fries lizzen giet. Se aait him oer de holle, flústeret wat en as in ienheid steane se wer op. In ymponearjend gesicht. Dy wize fan omgean mei hynders, dat hat Jelle leard. It folslein ien wurde.
It hynsteriden is net sûnder gefaar, beseft er. Mar mei sa'n goede tarieding wurde alle risiko's safolle mooglik útsletten. Hy giet net op stap, wol nei de sportskoalle, drinkt gjin alkohol, wennet dizze perioade yn Ljouwert en docht oars net as traine, traine, traine. Oft it him slagge is 'centaur', heal minsk, heal hynder te wurden? "Nou, de Fransen hebben me wel gevraagd om straks ook wat met hun te gaan doen, dus dat geeft in elk geval vertrouwen", laket er.

Friezen

Jos Thie hat de nedige ûnderfining mei teäter en hynders. De menners fan it spektakel Abe, oer de legindaryske fuotbalspiler Abe Lenstra, binne der no ek. Sa fier giet de bân dy't hy hat mei de minsken. Sa grut is it fertrouwen dat minsken yn him hawwe. Neffens Jelle de Jong dogge se alles foar him. "Alles wat Jos Thie aanraakt, verandert in goud", seit er.
Jelle is swier ûnder de yndruk fan wat der achter de skermen ek allegear gebeurt. Minsken dy't har hynders beskikber stelle, de hûnderten frijwilligers. Hy hat earder yn Fryslân wurke (De Kameleon, Dokter Deen, Sneekweek) mar nearne wie it sa as hjir. "Daarom is Culturele Hoofdstad ook zo'n succes. Door deze mienskip."
Achter de skermen by De Stormruiter

Taal

Annemaaike Bakker komt fan Ljouwert, mar wennet en wurket yn it Dútske Bremen. Se pikt it Frysk hjir samar wer op. Sa no en dan falt der in Dútsk wurd yn it inteview. Mar ja, it stik is yn it Biltsk en dat fynt se wolris wat dreech. "Ik bin wend om heit te sizzen, no moat ik 'hoit' sizze, dat moat wol wenne".
Jelle de Jong tinkt dat it Biltsk goed wurket om syn rol goed delsette te kinnen. Hy fynt it in poëtyske taal. Ek al bekent er dat er wol efkes slikke moast, doe't er hearde dat it yn it Biltsk wie. Mar Frysk hie er lestiger fûn. "Bilts is, denk ik, ook goed verstaanbaar voor de niet-Friezen die komen".

Gebeartetaal

Judith Pietersen komt fan Oentsjerk en ferstiet it Frysk goed. Mar dat hat se dan wer net echt nedich foar har rol as dôve dochter fan de dykgraaf en syn frou. Sy hat gebeartetaal leard. "Ja, mijn cv wordt steeds langer", seit se strieljend. As famke hat se har hert jûn oan de hynders, wylst aktearje ek in grutte dream fan har wie. Dy beide komme no byinoar yn dizze 'once in a lifetime' kâns.
Se rydt dressuer en traint hynders op it heechste nivo. Mei har eigen hynder docht se mei oan it spektakel. De repetysjes gean troch. In karre mei koar komt foarby. Ek muzyk is fansels in grut ûnderdiel fan De Stormruiter. De Wëreldbänd spilet live, dus dy moat goed ynspylje kinne as in hynder of in hûn der krekt wat langer oer docht as de bedoeling is.
Jos Thie freget oft it outro wat langer kin. Gjin probleem. It wurdt notearre. En sa moatte alle oergongen, linen en plak fan opkomst byinoar komme yn dizze lêste dagen foar de premjêre.
De kans dat je dit nog eens gaat meemaken is niet heel groot. Dus ik probeer elke dag te genieten.
Jelle de Jong, de dykgraaf yn De Stormruiter
Oft de hege ferwachtingen allegear wiermakke wurde, is oan it publyk sels om te oardieljen. It fertrouwen is grut. Binnen de koartste kearen rekken de foarstellingen útferkocht en kamen der wer nije by. Hûnderttûzen minsken sjogge aanst Jelle op syn fjoerige, Frânske Lusitano skimmelhynst (de dykgraaf rydt op in wyt hynder).
Jout dat gjin druk? Jelle de Jong hat der allinne mar sin oan. "Heel Friesland en ook alles buiten Friesland is hier mee bezig. Dat is fantastisch om te voelen. Ik heb dit nog nooit zo meegemaakt. De kans dat je dit nog eens gaat meemaken is niet heel groot, dus ik probeer elke dag te genieten."