Kollum: "Japan"

05 sep 2018 - 07:43

"Andries Veldman is haadredakteur fan ynternetside Liwwadders. Andries is wat in soere jonge. In jittikmiger. Liket wol wat op in kollumnist fan jim. It ferskil is dat hy inkeld Ljouwerter saken behannelet. Sa woe hy de ôfrûne wike wethâlder Friso Douwstra oanpakke. Dy giet, sa hat de gemeente bekend makke, ynkoarten nei Japan. It reiske is fan de Rabobank, mar de gemeente betellet noch wol 6.750 euro foar Douwstra.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

De reis is bedoeld om it bedriuwslibben te fasilitearjen en de netwurken te ferbetterjen. Douwstra sil ek noch yn it ekonomyske ekosysteem fan Japan dûke. "Sinleas", skriuwt Veldman. "As it mear net is, hoecht Douwstra dêr net hinne. Boppedat, wat moat hy mei in ynienskrompeljende Rabobank op stap? En wêrom moatte wy it betelje?"

Andries. As Douwstra kofje drinkt, dan betelje wy dat ek. Wy betelje altyd alles. Watte, wy lêze Liwwadders, dus betelje wy dyn kofje ek. Mar as Douwstra inkeld noch mar stean giet, dan wurdt alles betelle. Sa'n systeem ha we hjir no ienris. It is likernôch begûn yn de midsiuwen, doe't de lju gewoan wurken foar de grutte hearen dy't derfan sieten te sûpen en te fretten, om't reiskes nei Japan doedestiids gâns mear jild fregen as dat se hienen. Dat hjit systeem, Veldman.

Sa'n snoepreiske, sasto it neamst, smyt net altyd daliks wat op, dêr hast gelyk oan. Hoewol, der stie eartiids samar in Japanske ritsefabryk yn Snits. Ik moat earlik sizze, ik tocht ek altyd dat it neat út 'e wei sette, mar sa linkendewei giene in soad normale lju ek mei yn dat soarte sakereizen en dy ha my wolris ferteld wat it allegear opsmyt. Mar dat kinne se net daliks oan de grutte klok hingje, dat komt folle letter pas. Soms wurket it. Dus wat dat oanbelanget mei Friso Douwstra wol efkes yn Japan sjen. Al waait it dêr no in dikke stoarm, hy moat noch efkes wachtsje.

Da's moai, dan kin hy efkes nei my harkje. Sjoch, de Ljouwerter Krante lies dat kollumke fan Veldman oer Douwstra ek. Doe tochten se, dan moatte wy mar ris in ferhaal mei Douwstra ha, oer wat dy echt docht. Dat waard ôfrûne sneon in pagina dêr't ik nochal kjel fan waard. CDA'er Douwstra leaut hillich yn VVD'er Wiegel. Dy sei eartiids dat de oanlis fan de A27 fan Almere nei Utrecht folle wichtiger wie foar Fryslân as in goede dyk nei Starum. Douwstra wol beide. Hy wol in non-stop trein fan Ljouwert nei de hillige Rânestêd. Nearne mear ho. Ach, Zwolle soe noch kinne, mar fierder net.

Friso Douwstra wol alle mooglikheden besjen. Hy grypt werom nei it Suderseespoar. Of de trein oer de Ofslútdyk. Hy is sels wer begûn oer Starum-Enkhuzen. Mar dan moat dy dyk nei Starum dochs ferbettere wurde en moat we de Iselmar leechpompe of sa. It mei om my allegear hear, en it sil ek wol barre. Mar dy Douwstra is my wat te ûnrêstich, te wyld. Wat is der no slim oan in oerke langer yn de trein. Gean sitten man en lês bygelyks Liwwadders efkes.

Ik sei al, Douwstra is in stap fierder as Wiegel. Hy hat de heak goed besjoen, en is dêr hielendal fereale op. It bombastyske betonnen dyksbousel ûnder De Jouwer, alhiel ûnfrysk, hy fynt it hearlik. Hy wol noch mear. In spoarakwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal troch. Dêr binne se al mei oan it tekenjen. No, wy witte wol dat it gewoane akwadukt by de Drachtsterbrêge twa jier langer duorre hat as dat it soe. De rillen rinne my oer de rêch.

Douwstra wol de trein nei Grins tusken it stasjon en Camminghabuorren alhiel ûndergrûnsk troch Ljouwert ha. In metro! En in dyk rjochtstreeks fan bedriuweterrein De Hemrik nei de A31. Mei noch in akwadukt?

As je it sa lêze, is Friso Douwstra in nije VVD-star. Mar dan ynienen is hy wer it CDA'erke fan it plattelân, troch syn âlden ek noch opsadele mei de namme Friso. Fryslân is moai, mar we moatte gau earne oars wêze kinne. En yn Ljouwert moat alles fuortstoppe wurde. Want dat, seit hy, moat dé fytsstêd fan Nederlân wurde. Douwstra is in echte Ljouwerter. Dy lizze oan in útein, mar wolle altyd foarop fytse."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)