Banneprikkers Damwâld melde harsels by VV Broekster Boys en plysje

05 sep 2018 - 08:18

It mystearje fan de lekke bannen yn Damwâld is oplost. Neffens it bestjoer fan VV Broekster Boys ha de dieders harsels meld by de fuotbalferiening en de plysje. It soe gean om relatyf lytse bern, skriuwt de klup op Instagram: "Uit de hand gelopen kattekwaad."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Tsientallen sporters yn Damwâld krigen moandei in ferfelende ferrassing doe't se nei it sporten weromkamen by har fyts. Fan 40 fytsen wiene de bannen lek stutsen.

Broekster Boys sil de skea ynventarisearje, sadat de âlden fan de bern it oplosse kinne mei de fersekering. Dy binne neffens de feriening bot skrokken en lûke it harren tige oan.

Foto: Instagram, @vvbroeksterboys
(advertinsje)