Omrop TIP: IepenUP trapet ôf mei Femen-aktiviste Inna Shevchenko

Diskusje, optredens, lêzingen, fideo's en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Nimmen minder as de ynternasjonaal ferneamde feministyske aktiviste Inna Shevchenko iepenet it nije IepenUP-seizoen.
IepenUP, Inna Shevchenko © Omrop Fryslân, IepenUP

Protestaksjes en feilichheidsmaatregels

Inna Shevchenko komt oarspronklik út Oekraïne. Se wie dêr lieder fan de trije Femen-aktivisten doe't se troch de Wyt-Russyske KGB ûntfierd en mei de dea bedrige waard. Inna berikte yn 2012 de hiele wrâld doe't sy in houten krús fan 4 meter heech omseage út protest tsjin de arrestaasje fan de Russyske punkgroep Pussy Riot.
De aktiviste, dy't har protestaksjes faak topless útfiert, hat asyl krigen yn Frankryk en koördinearret har aksjes tsjintwurdich út Parys wei. Har komst nei Ljouwert makket fanwegen eardere bedrigingen, ekstra feilichheidsmaatregels needsaaklik.
Fan 20.00 oere ôf is woansdei 5 septimber de útstjoering mei Inna Shevchenko te sjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân.
Ekstra feilichheidsmaatregels by IepenUP Live
It online diskusjesprogramma IepenUP ûntfong yn it earste seizoen gasten as skriuwer Jan Terlouw, rjochtsgelearde en Islamkritikus Afshin Elian en sjoernaliste en politika Annabel Nanninga. Dy gasten soargen net allinnich foar in soad publyk yn de seal, mar berikten ek sa'n 30.000 minsken online. De earste nammen foar it twadde seizoen binne al bekend. Sa nimme politikus Theo Hiddema, ûntwerper Piet Hein Eek en fuotbaltrainer Henk de Jong de kommende útstjoeringen it poadium.

IepenUP

Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei ús allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.
Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.