"Drûge woarst en Fryske tsiis moatte jierliks plakje krije yn Brussel"

04 sep 2018 - 22:53

De twadde Fryslândei yn Brussel is neffens kommissaris fan de kening Arno Brok in sukses wurden. Hy fynt dat de Fryslândei in tradysje wurde moat, en in fêst plak yn de Fryske en Europeeske aginda fertsjinnet, mei elts jier in oar tema.

De byienkomst yn Brussel hie dit jier as tema 'Regionale identiteit en meartaligens'. Dêr kamen sa'n 75 minsken op ôf. Dêrûnder wiene 4 Europarlemintariërs en neffens Brok ek fertsjintwurdigers fan sa'n 20 regio's dêr't Fryslân kontakten mei ûnderhâldt. Fierder hiene ek alle deputearren en frijwat steateleden de reis nei Brussel makke om de byienkomst by te wenjen.

De byienkomst wie dizze kear net troch in buro út Brussel organisearre, mar troch de provinsje sels. Dat hat Brok goed foldien en is neffens him ek noch goedkeaper. De lokaasje wie wol deselde as foarich jier: de histoaryske Solvay-bibleteek yn it Leopoldpark flak achter it Europeesk Parlemint.

De Solvay-biblioteek yn Brussel - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Haadsprekker op de byienkomst wie de Lúksemboarchske professor Sabine Ehrhart, mar har wat akademyske taspraak koe net alle oanwêzigen boeie. Fierder wiene der ek optreden fan kommissaris Brok en deputearre Sietske Poepjes.

Ferslachjouwer Onno Falkena praat yn Brussel mei Europarlemintariër Esther de Lange

Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga liet de Fryske taal klinke, en tanksij de rûnparte oersettings koe eltsenien de fersen fan Hettinga goed folgje. Hy krige yn alle gefallen lûd applaus. De muzyk waard fersoarge troch in kombo fan de Bogerman bigband en by de resepsje nei ôfrin wie der Fryske drûge woarst en Fryske tsiis.

Trefwurden: 
Brussel Fryslândei
(advertinsje)