Sherida Spitse teloarsteld: "Het was gewoon niet goed genoeg"

04 sep 2018 - 22:35

De teloarstelling oerhearsket by Sherida Spitse fan Snits, nei it ferlies tsjin Noarwegen. De Oranjefroulju ferlearen de lêste WK-kwalifikaasjewedstriid mei 2-1. Mei in lyk spul hiene de froulju har rjochtstreeks kwalilfisearre foar it WK fan 2019 yn Frankryk.

Sherida Spitse - Foto: www.orange-pictures.nl

As regearjend Europeesk kampioen hearre je op in WK te ferskinen, seit Spitse. "Dat verwacht iedereen dan. Maar we hebben nog nooit een WK gehaald zonder play-offs te spelen. Nu moet dat helaas weer, al waren we er dichtbij. We hebben genoeg kwaliteiten in de ploeg om dit klusje te klaren."

Sherida Spitse fan Snits oer de teloarstelling nei de wedstriid

De froulju kamen nei 6 minuten al op in 2-0 achterstân te stean. Dêr baalt Spitse fan. "Het was gewoon niet goed genoeg. We beginnen veel te slap. Die goals die we tegen krijgen, dat mag echt niet. Pas toen we met een extra spits gingen spelen, konden we wat creëren."

De oranjefroulju binne noch net útskeakele foar it WK. Yn oktober spylje se de earste wedstriid yn de play offs. Mei Switserlân, België en Denemarken striidt Nederlân om it lêste ticket foar it WK. In lotting bepaalt freed tsjin wa't Nederlân spylje moat. "We hebben nog een kans om het te halen, en we hebben vaker laten zien dat we dat kunnen."

Oant no ta binne 15 lannen wis fan it WK. Ynklusyf gastlân Frankryk binne dat Sina, Tailân, Australië, Japan, Súd-Koreä, Brazilië, Sily, Spanje, Italië, Ingelân, Sweden, Noarwegen, Dútslân en Skotlân. Der komme noch njoggen lannen by.

Trefwurden: 
fuotbal Sherida Spitse
(Advertinsje)
(Advertinsje)