Fuotgonger ferwûne by oanriding op sebrapaad yn Ljouwert
By in oanriding yn Ljouwert is in fuotgonger ferwûne rekke. De man stuts de dyk oer, op in sebrapaad, doe't er troch in auto rekke waard. It slachtoffer kaam op de njonkenlizzende dyk telâne.
It ûngelok barde tiisdeitejûn, op de Archipelwei yn Ljouwert. Minsken fan de ambulânse ha it slachtoffer stabilisearre. Dêrnei is er nei it sikehûs brocht.