Crone: "Om ús hie wethâlder Deinum net fuort hoegd"

04 sep 2018 - 21:52

Dat wethâlder Henk Deinum (PvdA) der mei ophâldt, komt as in grutte ferrassing foar boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. Om him hie Deinum oanbliuwe kind. PvdA-ikoan Lutz Jacobi is fernuvere.

Ferd Crone (r) neist Henk Deinum dy't bekendmakket dat er ophâldt - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Boargemaster Crone hat wol begryp foar it beslút fan Deinum (62). De frou fan Deinum, Jannewietske de Vries, wurdt oan de ein fan de moanne boargemaster fan de gemeente Súdwest Fryslân. De Ljouwerter wethâlder wol alle skyn fan belangeferfrisseling fermije.

Doe't Jannewietske de Vries noch deputearre wie, hie se ek al in relaasje mei Henk Deinum. Dat wie doe gjin probleem. "Ik heb daar ook nooit klachten over gehad," seit Crone, "noch van binnen, noch van buiten. Misschien dachten we er toen anders over."

Fernuvere

Lutz Jacobi is fernuvere oer it fuortgean fan Deinum. Se is fraksjefoarsitter fan de PvdA yn de gemeenteried fan Ljouwert. Jacobi begrypt net hoe't it kin dat de relaasje fan Deinum en De Vries no ynienen foar problemen soarget, wylst it wol mocht doe't De Vries deputearre wie.

It liket der op dat de lanlike polityk ynfloed hân hat, seit Jacobi. "Is dit it nije belied fan Ynlânske Saken? Wy witte der neat fan!"

Lutz Jacobi

"Hiel sjyk"

Kommissaris fan de Kening Arno Brok seit dat hy gjin ynfloed útoefene hat op Deinum en De Vries. Brok hat as kommissaris in rol yn de beneamingsproseduere fan in nije boargemaster. Hy selektearret de kandidaten.

Arno Brok oer it ôfskied fan Henk Deinum

"Ik ha hjir wol mei Deinum en De Vries oer praat," seit Brok, "mar se ha it beslút sels naam. Dat is hiel sjyk. Dêr kin ik allinne mar respekt foar ha." Dat Deinum en De Vries ek al in relaasje hienen, doe't sy noch deputearre wie, dêr wol Brok net in soad oer sizze. "Dat wie foar myn tiid."

De tiden binne feroare

De tiden binne feroare, seit Crone. "Over integriteit werd nooit gesproken. Nu wel. Dat geldt ook voor raadsleden die een nevenfunctie hebben. Je kunt er niet voorzichtig genoeg mee zijn."

Boargemaster Ferd Crone oer it beslút fan Deinum

"We hebben in het college tegen elkaar gezegd: voor ons hoeft Henk niet weg. Hij doet zijn werk goed. Dat was het punt niet. Maar we snappen ook dat er een conflict kan ontstaan, of de schijn van belangenverstrengeling, tussen hem als wethouder, en zijn vrouw als burgemeester van een buurgemeente."

Deinum is al hast tsien jier lang wethâlder yn Ljouwert. Oan de ein fan it jier leit er syn funksje del. Deinum giet ûnder oare oer de ûntwikkeling fan it nije WTC-gebiet, mei it nije Cambuurstadion. Dat wol er graach ôfmeitsje.

(advertinsje)